Yn 2004 die ik eksamen oersetten Frysk-Nederlxc3xa2nsk, en de dosint wie Henk Wolf, deselde Henk dy’t no redaksjelid is fan Farsk. It ferhaal ‘Wytske’, dat yn Farskskrift ‘Iten’ stiet, wie doedestiids in eksamenopjefte. Ik leau net dat Henks namme der doe xc3xbbnder stie, mar ik hie al wol faker wat fan him lxc3xaazen, xc3xbb.o. de taalsnipels fan – ik miende – it Frysk Deiblxc3xaad. Dxc3xaarfandinne kaam de styl fan dit ferhaal my aardich bekend foar. Ik hie al de gedachte dat it wolris fan Henk sels wxc3xaaze koe, mar it rxc3xbbn sa tsjin de fakxc3xa2nsje oan en it is der by bleaun om him dernei te freegjen.
Ik wit noch wol dat de helte fan de klasse der doe op sakke is. No wie de klasse ek net sa grut – fjouwer man – mar it is dochs 50%. It heucht my ek dat ik it in dreech stik fxc3xbbn om oer te setten. Net kwa ynhxc3xa2ld, mar der stienen tal fan Fryske xc3xbatdrukkings yn dy’tst net oars oersette koest as mei in omskriuwing yn it Nederlxc3xa2nsk of dyn taalskat moast al sa grut wxc3xaaze datst der in passende Nederlxc3xa2nsk sechje foar oer sette koest. Henk wie ek aardich krekt yn it beoardieljen fan dat oersetten, hoegdest der net rxc3xbbch te wxc3xaazen want dat waard xc3xbbnferbidlik xc3xb4fstraft.
Ik mocht dxc3xaar wol oer, it wie in xc3xbatdaging om de teksten dy’t Henk xc3xbas foarlei sa sekuer mooglik oer te setten. Dat betsjutte net allinne sjen nei de betsjutting, mar ek de styl moast yn ‘ e gaten holden wurde, en dan moast it ek nochris in floeiend lxc3xaasber gehiel wurde.
Mei nocht dus, haw ik ‘Wytske’ nochris lxc3xaazen.